AG Ems

De Groningerland fan AG Ems
De Wappen von Borkum

De AG Ems is in rederij út Emden. De rederij hat in feartsjinst tusken Boarkum en Iemshaven en tusken Boarkum en Emden. Yn de simmertiid is der ek in feartsjinst nei it Hilgelân ta.

Yn 1843 is de Aktien-Gesellschaft Ems oprjochte. By de oprjochting fan it bedriuw wie der noch gjin feartsjinst nei Boarkum ta. It bedriuw fear doe inkeld op de Iemsmûning tusken Emden - Delfsyl en Emden - Lier. Dêrneist wie der doe noch in ûnregelmjittige tsjinst nei Nordeneach ta.

Yn augustus 2008 hie de katamaran Polarstern fan de rederij in ûngemak op de weromreis fan 't Hilgelân. It wie it grutste ûngemak yn 'e skiednis fan it bedriuw.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy